Wolkom

Wolkom op ’e thússide van Eppie Dam

Eppie Dam (De Pomp, 1953) is dichter, skriuwer, berneboekeskriuwer, skepper fan liturgys wurk, fertaler en poëzyresinsint. Hy groeide op yn in agrarys fermidden en studearre yn 1974 ôf oan de Pedagogische Academie ‘Claercamp’ yn Dokkum. Hy wie 16½ jier skoalmaster op Urk en oanslutend 18 jier yn Balk. Neidat er dêrfoar seis jier yn Kollum taholden hat, wennet er sûnt 2015 yn Sleat, en hâldt er him fulltime dwaande mei meardere foarmen fan skriuwen.

Hy debutearre yn 1978 mei in dichtbondel én in ferhalebondel. Yn Dokkum hie er les fan Lipkje Post-Beuckens (bekend ûnder de skriuwersnammen Ypk fan der Fear en Ella Wassenaer) en fan Jacobus Knol. Beide ha in stimulâns west foar syn skriuwerskip, en syn earste wurk – doe faak noch Nederlânstalich – fan kommentaar foarsjoen. Leafde foar literatuer krige er mei fan syn learaar Nederlâns, poëzykenner Ties Jan Eekhof. Wat de technise aspekten fan it dichtsjen oangiet, hie er earder syn ljocht al opstutsen by de oprjochter fan de bekende Windroos-searje, Ad den Besten út Amsterdam, mei wa’t er begjin jierren santich in pear jier briefke hat.

It proazadebút krige in ferfolch yn noch twa bondels koarte ferhalen en de novelle De tomaat, yn 1989 nû. 1 fan in nije rige boekewikegeskinken. Doe’t yn 1995 mei It burd fan Fidel Castro syn fjirde proazaboek ferskynde, hie er yntusken al tsien poëzytitels op syn namme te stean. Dêr soene noch seis by komme, en op dit momint binne noch trije bondels ûnderweis. Sa is it dichtsjen Eppie Dam syn foarnaamste uteringsfoarm.

Stiet yn it proaza, rûchwei sein, de problematise ferhâlding tusken it (gauris skeinde) yndividu en de mienskip sintraal, yn ’e poëzy binne foaral it ferline en it ferstriken fan de tiid weromkommende tema’s. De titels fan guon bondels wize dy kant al út: Mei de jierren, Tusken juster en jûn, Goddeleaze tiid, De kaai ûnder de klok, te lange lêsten, De hûnsdagen. It is gjin lichte en alhielendal gjin luchtige poëzy, al hat it yntermezzo De Pomp (1988) – skreaun yn syn eigen Pompster dialekt – bytiden in oar, mear anekdoatys karakter. Mei de trije bondels dy’t nei 2000 ferskynden hat Eppie Dam as dichter syn toan en foarm fûn. Yn al dy bondels wrakselt er mei syn swiere achtergrûn, t.w. de klaai en de steile otterdoksy, om der úteinlik los fan te kommen.

Fleur en humor binne te finen yn Eppie Dam syn berneboeken. Ek oer de drege dingen fan it bestean, lykas sykte en dea, skriuwt er op in manier dy’t net swiersettich is. Nochal wat bern binne grut wurden, of ha sels Frysk lêzen leard, mei syn ferhalebondels Spinaazje mei spikers (1986), Mei bleate fuotten op bêd (1990) en Tachtich yn ’e bocht (1995). Letter waarden de bêste ferhalen út dy trije boeken opnij útjûn ûnder de titels Lytse man (2007) en De elandkop fan omke Romke (2009). As berneboekeskriuwer bestrykt Eppie Dam in breed palet: fan sfearfolle boekjes foar de alderlytsten oant en mei tsjokke jeugdromans. Mei byldzjend keunstner Gerrit Terpstra makke er yn 1999 Dingeman krijt wjukken, yn 2001 goed foar de Simke Kloostermanpriis. Yn 2012 debutearren beide as printeboekmakker, mei it ferskinen fan Fjouwer dappere mûskes, it jier dêrop nominearre foar deselde priis. Yn 2014 krige Eppie Dam foar ‘De mûskes’ it IBBY Certificate of Honour for Writing, en hearde it boek dat jier by de bêste fyftich berneboeken wrâldwiid.

Yn tsjerklik fermidden makke er namme as skriuwer fan eigentiidse teksten, lieten en liturgyen, al dan net oanslutend by de tiden fan it tsjerklik jier. Allinnich al mei komponist Hindrik van der Meer makke er fyftjin liturgyen, dy’t geregeld útfierd binne, sawol binnen as bûten de provinsje. De geloofsteksten en -lieten fan Eppie Dam bliuwe frij fan dogma’s en binne tige ierdsk. Mei in oare komponist, Jan de Jong fan It Hearrenfean, skreau er in Nederlâns advintsoratoarium, in Frysk rekwiem, en in skeppingskantate dy’t yn beide talen ferskynde. Yn 2008 sette er de Mattheus Passion neffens de ferzy Jan Rot oer yn it Frysk, neidat er tsien jier dêrfoar soarge hie foar in Fryske edysje fan de bekende bernebibel Woord voor Woord fan Karel Eykman.

Eppie Dam is yn ’e Fryske literatuer hast de iennige dy’t geregeld oer sport en benammen fuotbaljen skriuwt. Sa skreau er yn 2001 Foppe. Portret fan in bysûnder gewoan minske. Yn 2006 ferskynde (ornearre foar bern) in biografy oer Abe Lenstra, en it jier dêrop folge it libbensferhaal fan Henk Kroes. Fan alle trije útjeften kaam in Nederlânse edysje út. Oer sport hat er ek columns skreaun, foar it tydskrift Frysk en Frij, en letter foar de Leeuwarder Courant. Fierder giene syn wyklikse LC-stikjes gauris oer taal, literatuer, ûnderwiis en natuer. Fan de columns waarden 65 útjûn ûnder de titel Damstikken (1997).

Neist de ferfrysking fan Jan Rot syn ‘Mattheuspassie’, makke Eppie Dam Fryske oersettingen fan ‘Die Schöpfung’ fan Haydn; fan ‘Die schöne Müllerin’ en in tal losse lieten fan Schubert; en fan ‘Gitanjali’, de wijde sangen fan Rabindranath Tagore. Klear om útfierd te wurden, mar noch wachtsjend op it goeie momint. Eppie Dam sette fersen oer fan dichters út ’e wrâldliteratuer, en mear as ien of twa út ’e poëzy fan William Butler Yeats, Joseph Brodsky, Les Murray en Antjie Krog.

Sûnt 2010 is Eppie Dam poëzyresinsint, fan sawol Fryske as Nederlânse bondels, foar de Leeuwarder Courant, en sûnt 2014 wat de Nederlânse poëzy oangiet ek foar it Dagblad van het Noorden.